Muzuder Iepen Loft Festival

Muzuder Iepen Loft Festival
Contactpersoon: Leo Smit
0566-600102
www.muzuder.nl
info@muzuder.nl


“the day after”

It is sneintemiddei healwei ienen at ik mei in panne sop it ferlitten M.I.L.F. terrein op ryd. Sop foar de organisaasje dy’t der alwer stiet om op te rêden. De kopkes omheech, de eagjes krekt iepen. De “Milfkes” wiene nei it sukses fan jûster de kroech noch yn dûkt foar harren wol fertsjinne after party. De nacht wie dus net sa lang en dat nei sa’n drokke dei. De dei dat it allegear los gong. De dei fan it earste Muzuder Iepen Loft Festival.
Eins begûn de dei fan it festival al earder. Fanút ús keukenrút koe ik it moai folgje. Sjoerd dy’t syn terrein oan it opromjen wie en extra grint platwalste. De dixies dy’t te plak kamen, G.J. Stapensea dy’t syn tinte opsette, froulju drok oan it fervjen. Sa leverjen ferskillende minsken yn it foar in stientsje by om it terrein kreas oan te klaaien. Op de dei sels wie it resultaat der ek neffens. De Sik syn wetterentree, de palletbanken en spegelwand fan Geart, de kunstsinniche boarden makke troch bêrn fan de Trije Doarpen Skoalle en noch folle mear. In festivalwaardich terrein, hielendal doe’t de foodtruks harren plakje ynnamen.
D.J.Jelle, lyk ek de jongste artiest dizze dei, mocht it festival iepenje. Efter syn draaitafels brocht hy de sfear der yn.
Dernei wie it de beurt oan Palace of the Queen, in mar leafst 11-koppige band dy’t krekt op it podium pasten. Lotte as lead sjongeres, wat klonk dat goed ek mei de blazers der by. De band harren unike sellingpoint sa’t se sels backstage útleine.
Der wiene mear Milfkes mei in dûbbele taak dizze dei. Marieke en Tjitske baarnden mei Farsk der yn. De earste fuotten kamen fan de flier op harren Fryske covers. Wat moai dy cover fan Nothing but Thieves; Amsterdam omdoopt tot Skylge, ek ik koe net stil stean bliuwe.
Jack Bottelneck hie syn band mei naam. M.I.L.F. wie harren twadde optreden dizze dei. Hearlike, noflike blues.

It echte geweld kaam fan de mannen fan Jitiizer. Alhoewol se al in skoft mei draaie noch hieltyd populair by de jeugd. Speciaal foar M.I.L.F. hiene se de wat âldere hurdere nûmers fan de planke helle. De moshpit waard iepene, ferskeidene âldere jongeren dûkten der ek mei yn. Glimkjend en sommige hymjend nei in nûmer. Jehannes Roorda koe it podium moai op om mei it nûmer “Jehannes” mei te songen en te dûnsjen. Machtich moai.
Tuskentroch wiene der twa D.J’s Pe Funk en Kramer dy’t efter it bankstel plaatsjes draaiden. Yn bytsje wat út it sicht, wat jammer wie.
As ôfsluter de band Off. On the road. In coverband as lêste is neffens my altyd in goed idee. Dûnsje op bekende nûmers wylst it donker wurdt. Wat wol in minske noch mear.
Sa kaam dr in ein oan de musikale dei. Mar der wie noch mear wat ik jimme net únthâlde wol.
Sels geane wy al jierren mei ús bêrn nei festivals. Wat moai dat ik dit no ek yn Reduzum seach. Gesinnen dy’t mei inoar oan’t genietsjen wiene. Famkes dûnsjend op K3 yn de Silent Disco, lytskes op it springkessen en QlubbREd mei harren spultsjes. Beppe dy’t omride moast, de bernsbêrn ophellet sadat Heit en Mem fjirder feeste kinne. Ik hâld hjir fan!
Mar ek Daam en Griet dy’t tegearre glimkjend neist inoar yn it feestgedruis harren âlde hiem oerseagen. Jehannes Zijlstra dy’t dochs ek efkes om it hoekje sjen moast. Sjoerd, krekt holpen oan de knibbel dy’t de scootmobiel fan stâl helle hie. Sa moai om ride koe mar der ek wol ris om sykje moast om’t oaren d’r mei syn beiden efkes in rûntsje om gongen. De EHBO dy’t genietsjend fan de minsken it terrein oerseach en lokkich hast net yn aksje hoegde te kommen.
Alle frijwilligers efter de skermen; de parkearwachters kreas yn it roze (Stie dy echt goed Loekie 😉) Rudmer mei syn boarden lâns de dyk (fan syn M.I.L.F. P board is een foto dield op Dumpert wat 36000 vieuws en in bulte opmerkingen opleverde. Jeugdig NL wit Reduzum no te finen)
Sa kin ik noch wol folle mear opneame.
Fan in ôfstân ha ik it hiele proses mei belibbe. Grut respekt en kompliminten foar de organisaasje dy’t it mei inoar oandoarde om dit hjir yn Reduzum bûtendoar del te setten. Sa’n goed 500 minsken jong en âld op in prachtige moaie simmerjûn mei muzyk, in drankje en lekker iten. In nije tradysje??
Fan my mei it! Op nei M.I.L.F. 2023

Janet Wijnstra

Muzuder Iepen Loft Festival 2022 (myalbum.com)

Muzuder Iepenloft Festival! Wurdsto diel fan ús krû?

Lekker iten, fette muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld. Hasto 2 july al yn de aginda? Dan is nammentlik de earste edysje fan it ienige echte Muzuder Iepenloft Festival! Wy binne al drok oan ‘e gong mei de tariedings. Wy meitsje der in moai festival fan!

Hasto nocht om ús in hantsje te helpen op 2 july? Jou dy dan alfêst op fia info@muzuder.nl! Wy kinne bygelyks wol wat help brûke by it opbouwen fan it terrein, it regeljen fan it ferkear, it ûntfangen fan de besikers en it begelieden fan aktiviteiten.

Sjogge wy dy dan?


Op 2 juli 2022 vind de eerste editie plaats van M.I.L.F. (Muzuder Iepen Loft Festival) te Reduzum.

Na acht edities Muzuder Rock (vanaf 2010 tot en met 2018) werd het tijd voor een zomer festival, waar naast rock ook pop, soul, blues en andere muziekstijlen zijn te horen. Op een mooie locatie aan de Buorren te Reduzum zullen, verdeeld over een tweetal podia, ca. 8 bands hun opwachting maken.

Naast de bands is er ook een randprogrammering  met Silent Disco, foodtrucks, een jeugdprogramma en vele andere activiteiten. Kortom een festival voor jong en oud om te genieten, luisteren, proeven en uit je dak te gaan.

Aanvang is 16:16

Kaartverkoop start binnenkort met als speciale actie dat alle moeders hun kinderen tot en met 12 jaar gratis mee mogen nemen.

Binnenkort meer informatie op deze pagina en onze website Muzuder.nl, facebook en instagram pagina’s.

M.I.L.F. team bestaande uit:

Leo Smit
Lotte Broersma
Willem Fopma
Tjitske Roorda
Tseard de Vries
Fenna Terpstra
Jeroen van Dijk
Marike Compagne
Pieter Roorda