Frjemde buorlju


It is hast sa fier! 7, 8 en 9 febrewaris sil Toanielferiening Roto it stik ‘Frjemde buorlju’ spylje.
As jo donateur binne en tastemming jûn ha, sil it bedrach yn wike 6 e/o 7 fan jo rekkening ôf skreaun wurde.
Binne jo donateur en betelje jo kontant, dan komme wy yn wike 5 mei de kwitânsjes lâns.
Wolle jo dan as noch fia de automatyske ynkasso betelje, kin dat ek.
As jo gjin donateur binne, kinne jo ek in kaartsje by de doar helje.
Freed 7 febrewaris 20.00 oere
Sneon 8 febrewaris 20.00 oere
Snein 9 febrewaris 15.30 oere
Op’e boppeseal fan Café Bar De Welp
It Rotobestjoer,
Pieter Roorda | Boukje Piersma | Janna Bokma | toanielroto@hotmail.com |