Jierferslach Roto 2018-2019

Nei in pracht moaie tiid mei Oeds, ha we yn de simmer eefkes rêste kinnen.

5 septimber komt it bestjoer byinnoar om te fergaderjen oer it nije seizoen.

De earste meidieling is dat Leo de foarsittershammer delleit. Dit wurdt syn lêste jier yn it bestjoer fan Roto. Pieter Roorda sil dizze taak oernimme.

Ek is Rein Fluitman nij yn it bestjoer. Hy sil it finansjele stikje op him nimme.

En dan giet t al gau oer de stikken. Der binne meardere stikken dy’t ferskillende minsken lêze sille. En we ha ’t der oer wa’t we allegearre freegje moatte; bouploech, ljocht en lûd, schmynkers, Adri en fansels de spilers! Regisseuse Kyra wie al bekend.

Chez Dolly wurdt it stik en der binne spilers. Fantastysk, we kinne los!

It giet oer in nachtclub, dat klinkt spannend!

Dêr hearre ek dûnseressen by. Anna Brecht, Britt, Janna-Rinske, Mirthe en Ryanna ha der wol nocht oan om in dûns te fersoargjen. Sy sille oefenje mei Mim.

En Agatha, Catrinus, Gerda, Hettie, Lieuwe, Marga, Sietske en Sjouke gean entûsjast los mei repetearjen.

Dan wurdt de spyldata fêst lein. It earste wykein fan maart sil it heve.

Dit jier wurdt der besletten dat der ek op snein in foarstelling wêze sil.

Jouke en Jan-Willem sille it lûd en ljocht werd waan.

Ek we stappe oer op automatische ynkasso.

De bouploech; Hindrik, Age en Taco bouwe it dekor en Lieuwe skildert it.

De bryfkes binne makke, de kwitansjes lizze klear, groep 6,7,8 is útnoege, de flyer sil drukt wurde…

Mar dan komt der berjocht fan Kyra. 1,2 en 3 maart komt wol hiel tichtby, it fielt noch net goed. Der wurdt praat mei de spilers en Kyra. De konklúzje is dat it better is dat it Roto wykein letter plak fynt. Der wurde nije data fêstlein. Dit kear it lêste wykein fan maart.

Dit jout in soad ferljochting. Mar de dûnseressen ha flink de smoar yn. Dat wykein kinne sy net. Dit is ferfelend! (sacht útdrukt)

It ien en oar moat regele wurde, kin it om Jeroen, nije kwitansjes, schmynkers ens.

En dan is it samar 27 maart. De dei fan de generale. Se binnen der klear foar!

Se binne keurich yn de schmynk setten troch Tjitske, Klaske, Anita, Jet en Nicolette.

En sa as jim sjen koene, hat Boukje it hier wer dien.

We ha genoaten fan in prachtige generale.

En dan is it 29, 30 en 31 maart. It giet oan.

Dit wykein wurdt der spile foar publyk. Mar leafst 3 kear.

Yn de pauze is der in ferlotting. De ûndernimmers fan Reduzum ha wer foar leuke prizen soarge. En natuurlijk binne wy ek tige wiis mei ús haadsponsors Transportbedriuw Bakker en Café Bar de Welp.

We ha wer in prachtich wykein.

Op 11 april is de neisit. Hjir wurdt it ien en oar besprutsen. Saken dy’t wy meinimme kinne nei takom jier. Leo seit in wurdsje oer alle spilers. Dernei wurdt der klonken op de, net altyd makkelijke mar, moaie en gesellige tiid. Ek wie dit de lêste kear regisseren foar Kyra yn Reduzum. Nei 4 jier skiede hjir ús diken. Spitich genôch wie Kyra om persoanlike redenen net by de neisit.

It sit der wer op foar dit jier. Takom jier sil Janna Bokma ús fersterkje yn it bestjoer.

Liket it jo no leuk om in bydrage yn it bestjoer fan Roto te leverjen of op in oare manier belutsen te wêzen by Roto. Tink oan: spylje, dekor bouwe, smynke, prizen foar de ferlotting regelje. Mail dan nei toanielroto@hotmail.com.

Oant takom jier!

Ut namme fan it Roto bestjoer: | Leo Smit | Boukje Piersma | Pieter Roorda | Henny Tiesema |