10 jaar Tsjerkefûns

Redústers, Eagumers, Idaerders en Friensers staan er niet om bekend dat ze trouwe kerkgangers zijn. Toch krijgen ze allemaal met de kerk te maken. De schoolbus, een tribune, een weidepomp voor de vogels, rozen op Valentijnsdag, etcetera, zijn geholpen door een bijdrage van het Tsjerkefûns. ‘Je hoeft er niet eens voor te bidden’ heb ik wel eens gehoord van een dankbaar clublid. Na 10 jaar blikken we terug met mensen van het eerste uur. Durk van Gorkum legt uit waar het geld vandaan komt en Harke van der Wal laat weten hoe de sporters geholpen zijn.
Siep van Lingen, voorzitter werkgroep Tsjerkefûns.

Yn de jierren rûn de iuwwikseling krige de tsjerke it finansjeel steeds wat better. It waard doe ek mooglik om ynsidinteel ek saken dy net ta de gewoane útjeften hearden, te stypjen. By de jierrekkens fan de earste 10 jierren yn de ienentweintichste iuw bleaun der ek gauris jild oer, jild dat dan yn de algemiene reserve kaam. 
Yn 2009 kaam yn de gearkomst fan de rintmasters foar it earst oan de oarder in mearjierrerûzing te meitsjen. Dêrút die doe bliken dat by in lyk bliuwende ynset fan frijwilligers ek de takomst der finansjeel tige sûn útseach. Der is doe ôfpraat dat der neitocht wurde soe foar in besteging fan dizze finansjele romte. 
It opknappen fan de tsjerkhôven wie de earste ekstra besteging yn de mear jierren rûzing. Yn it jier 2010 hat de tsjerkeried ek praat oer wat foar posysje de tsjerke no yn ús trije doarpen ha moat. De konklúzje fan dat petear wie koart sein, dat de tsjerke der yn it earste plak wêze wol foar de doarpsmienskip(pen) en de minsken dêr yn. 
Op basis fan dat útgongspunt is doe it idee opkommen om dêr ek finansjeel wat hannen en fuotten oan te jaan. Der is in kommisje út tsjerke minsken ynsteld dy dêr mei oan de slach gongen binne. Hja ha in soarte fan reglemint opsteld en binne mei in foarstel kommen hoe dat yn de praktyk útfierd wurde kin. 
Yn de begrutting fan it jier 2011 is doe in reservearring dien foar stipe oan doarp aktiviteiten. Yn begjin 2011 is, nei oerlis mei de ferieningen fan doarpsbelangen, de doelstelling en it reglemint bepraat en is der in nije kommisje Tsjerkefûns beneamd. Foar in part wurde de leden beneamd troch de tsjerke en foar in part troch de doarpsbelangen. De kommisje besjocht de oanfragen en beslút oer takenning. Foar de hege bedragen moat de tsjerkeried noch tastimming jaan. 
Op dizze wize hat de tsjerke dus konkreet ynfolling jûn oan it útgongspunt dat de tsjerke der as allerearste foar de doarpsmienskippen en de minsken wêze wol. 

Durk van Gorkum  

En toen was daar – nu 10 jaar geleden- plotseling het Tsjerkefûns! Alle verenigingen kregen het bericht dat ze financiële steun konden krijgen van de Nederlands Hervormde Gemeente Reduzum, Idaerd c.a. voor activiteiten en projecten die ten goede kwamen aan de sociale gemeenschappen in Eagum, Friens, Idaerd en Reduzum. En daar hoorde de mogelijkheid tot beoefenen van sport natuurlijk ook bij. 
De tennisvereniging, de sportstichting, de jeu-de-boules-commissie, de ijsclub en zelfs de hengelsportvereniging waren er in 2011 als de kippen bij. En zo werden de vissteigers verbeterd, werd de jeu-de-boulesbaan opgeknapt, kwam er een sneeuwschuiver op de ijsbaan, konden de schoolkorfbaltoernooien doorgaan enz. enz. 
In de afgelopen jaren hebben al onze sportverenigingen dankbaar gebruik gemaakt van het Tsjerkefûns en werden een groot aantal projecten mogelijk die anders veel moeilijker of misschien wel helemaal niet hadden kunnen doorgaan. Het meest in het oog springend en van blijvend karakter waren natuurlijk de bijdragen aan het kunstgrasveld, de nieuwe tennisbaan, de kaatsmuur, het beweegpark en het Qlubbgebouw, waardoor we in onze dorpen nu over een prachtige sportaccommodatie beschikken.

Harke van der Wal