Pjutte-opfang ‘De Earste Wjukslach’ yn Reduzum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

Op tongersdei 18 april wie it feest op pjutte-opfang ‘De Earste Wjukslach’ yn Reduzum. Op de lokaasje fan Kids First wurdt sûnt jannewaris 2017 wurke mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe in begeliedingstrajekt trochrûn en hawwe dat no ôfrûne en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Der is feest fierd mei alle bern dy’t gebrûk meitsje fan de pjutte-opfang. Oan it begjin fan de moarn kaam Riemkje Hoogland, mei de ferteljas oan. Nei in oantal peaske-aktiviteiten wie der ek noch in poppekasfoarstelling, dêr’t de beukers fan groep 1 ek by wienen.

De Earste Wjukslach en twatalichheid

Pjutte-opfang De Earste Wjukslach falt ûnder Kids First. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren pjutte- en berne-opfang yn in grut part fan Fryslân. In grut oantal fan har lokaasjes wurket mei in twatalich belied.

De Earste Wjukslach is fêstige by de Trije Doarpen Skoalle. Sy hawwe dêr in eigen romte en diele it bûtenboartersplak mei de beukers. It twatalich belied sjocht der as folget út: pedagogysk meiwurksters Klaske en Aafke prate konsekwint Frysk mei elkenien. Frijwillichster Sylvia biedt it Nederlânsk oan. Beide talen krije ek omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it foarlêzen, it sjongen en oar taalspultsjes. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare en kinne sy better multitaske.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op De Earste Wjukslach west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer it pedagogysk taalklimaat skriuwt de kommisje: ‘De pm-ers wurkje neffens in fêste struktuer en nei oanlieding fan tema’s. Dy tema’s passe se ek wolris wat oan om yn te spyljen op de belangstelling fan de pjutten. Dat kin in nij bruorke of suske wêze of wat oars dat in berntsje meimakke hat. Dêr binne se linich yn. Alle oergongen fan aktiviteiten wurde oanjûn mei ferskes.’

Yn de einkonklúzje seit de kommisje ûnder oaren: ‘De pjutten ha in fijn boartersplak op De Earste Wjukslach. De pm-ers witte dat de bern it measte leare fan it (meielkoar) boartsjen en dat se harren yn in eigen tempo ûntwikkelje. Dêr jouwe se harren ek alle romte foar. Se sjogge wat de bern nedich ha, stypje harren by it spul en rikke nije útdagingen oan.’

By it sertifisearringstrajekt krijt De Earste Wjukslach begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.