Vrouwen van Nu nijs

Contactadres:
Buorren 4
9008SW  Reduzum
Email:Giestmei@gmail.com


Save the date foar de folgjende jûn
Tiisdei 11 april komt Brian Kabbes in lêzing hâlde oer ‘Planten dy’t de skiednis feroaren’. Kofje, tee en in koekje: de Túnclub

Workshop
Lies út Gau komt wer del om foar ús in workshop te fersoargjen en wol op woansdei 29 maart. Wy begjinne om 19.30 oere yn it Qlubb-gebou by de sportkantine. Dit kear sille wy in moaie Peaskefersiering meitsje. De ynformaasje oer wat wy meitsje sille en wat de kosten binne krije jim sa gau mooglik op de mail, Lies is der noch mei oan de gong. Opjaan kin o/m 24 maart troch te mailen nei giestmei@gmail.com

Hantwurkútstalling
Woansdei 29 en tongersdei 30 maart is de hantwurkútstalling yn It Dielshûs yn Wommels. Iepen fan 11.00 oan’t 17.00 oere en tongersdei fan 10.00 oan’t 16.00 oere. De Vrouwen van Nu-winkel stiet der en faaks ek hantwurkwinkels. De hantwurken kinne ynlevere wurde op moandei 27 maart tusken 4 en 5 oere middeis by Itteke de Leeuw, Oan it Swin 5. Tillefoan 0566-601964.

NIJSBRIEF maart 2023


Giest mei?
De túnklup kaam op de jiergearkomste mei in geweldich idee:
Yn maaie en juny bloeie se wer yn Bad Zwischenahn, de rododendrons. Yn tunen, lâns strjitten, oeral kinne se bewûndere wurde. Yn it Rododendron Park steane in hiel soart rassen, yn prachtige kleuren, te bloeien. In lust foar it each. Soe it net in idee wêze om mei te gean mei in busreis dêr hinne? In idee wie berne, kontakt tusken ferskate minsken levert it folgjende op: Paulusma Reizen organisearret yn gearwurking mei Vrouwen van Nu Reduzum e.o.

In deitocht mei de bus nei dizze blommenpracht op tongersdei 25 maaie fanút Reduzum!

Moarns nei Bad Zwischenahn, middeis nei Park der Gärten (thematúnen, rododendrons en konifearen). Mei dertusken yn ek noch wat frije tyd. It is in gehiel fersoarge deitocht, inklusief kofje/tee mei gebak, yntree Park der Gärten en jûns in 3-gangen diner. Lunch wol sels efkes meinimme.

In dei om te genietsjen, in dei om alles wat oer je hinne komme te litten, in dei om te relaxen. It iennichste wat je dy dei eins dwaan moatte is op tyd bij de bus wêze.
De kosten binne € 87,00. Wy joue as Vrouwen van Nu Reduzum e.o. in ledenkoarting oan ús leden fan € 12,00. Bist dus lid dan kostet dizze moaie dei € 75,00 p.p..

Eltsenien dy’t meiwol kin mei, dus freon, freondinne, buorfrou, nicht, neef, nim mar op, elts kin mei oant de bus fol is. Net leden krije dus net de VvN-koarting, mar dat sprekt foar sich. Minsken dy’t harren opjoue krije foar fertrek alle gegevens.

Giest mei?

Jou dy dan sa gau mooglik op: giestmei@gmail.com dan kin, by genôch dielname, de bus fêstlein wurde. Ek foar fragen kinne jim maile nei dit mailadres.


Jannewaris 2023

Underhûds

De nammen fan de deaden hoechst net te ûnthâlden,
net op te skriuwen, te werheljen foar it sliepen gean,
net te tellen. Wer te tellen. Nee, harren foto’s hoechst
net op dyn boekekast te setten, ek net op dyn buro, net
oan de muorre op te hingjen, net op in tafel yn in list.
Ek net. Sy binne der sa’tsto der bist, soms hiel fier fuort,
soms tichteby. Sy libje ûnderhûds, bewenje dy.

Baukje Wytsma (út de bondel Wyt ljocht, 2021)