Op tiid op bêd…

Freed 12 novimber.

Healwei ienen kaam de tongersdeitejûnsploech byinoar yn ’e kroech om kofje, om dêrnei ôf te setten nei Harns. Fierstente betiid wienen we dêr, dat sadwaande moasten wy earst in bierke probearje yn ’e wachthal. Dy smakken eins wol sa goed dat wy de tiid samar om hienen. Healwei trijen setten wy fan wâl op de nije oanwinst fan Doeksen, de Willem de Vlamingh. Moai skip, mar wy koenen noch wol in pear minpuntsjes ûntdekke: mei tsien man om ’e tafel koe net en roke al hielendal net. Dochs ha wy ús der dapper trochhinne slein en moedich setten wy foet oan wâl op Skylge. Earst melde by hotel Oepkes en dêrnei mei faasje nei kafee Lieman. Arend wy tige bliid dat wy der wer wienen en foarseach ús royaal fan bier. Acht oere soenen wy ite by Storm. It duorre even, mar dêr ha wy lekker iten. Nei it iten even bûten smoke en dêr foelen de earste eachjes al ticht. Dizze man is mar op bêd gongen, mar dat wie noch net sa maklik, de tekken wie sa goed ferstoppe dat dizze sûch dy net fine koe. Hy hat doe mar sliept ûnder in suterich spreike en kâld as in stien hat er de nacht trochbrocht.

Sneon 13 novimber.
Ier en betiid wienen wy fan’t bêd fanwege de koroanaperikels. Fris as in nút wienen guon al te kuierjen nei de haven en letter ha wy in lekker moarnsbrochje hân. Wy soenen nei Willem syn maat Gerrit te buorkjen, mar dit moast oergean omdat de biljerterij al om tolve oere los gean soe. Oars koenen wy foar achten net klear. Sa’t de grutte master Cruijff al sei: “Elk nadeel hep z’n voordeel.” It biljerten gong fantastysk, sa fris as in nút, sa helder as in bij en sa nochter as in keal dienen wy ûs dinkje. Dy Skylger amateurs stienen wat beteutere by it biljert, wylst wy spilen as Ceulemans yn syn bêste tiid. Us nestor en betinker fan dit evenemint moast de healwei fiven boat helje, want dy hie op ’e wâl noch ferplichtingen. Sadwaande ha wy mei njoggen man de oerwinning fierd. Fan Hugo moast de kroech om acht oere ticht, mar Oepkes hie in tafel foar ús klearsetten en dêr ha wy noflik mei in bierke en in jutterke it oranje alvetal omkloaien sjoen. It koe ús it measte net mear skele, wy hienen wille foar tsien.

Snein 14 novimber.

Alwer op tiid fan bêd ôf, dat wy hienen in hiele moarn te ferlummeljen. Rêstich iten en te kuierjen west, sterke ferhalen ophongen yn it Wakend Oog, de moarn wie samar foarby. Doe bliek ien fan de mannen syn retoerticket kwyt te wêzen. Panyk, nei hûs belje, stiet er noch op ’e mail…. Letter blykte er ferstoppe te sitten tusken de mûlkaapkes yn ’e bûse. Healwei ienen bin wy wer ôfsetten nei Harns. Al mei al in tige slagge wykein mei in geweldige ploech (sport)mannen.