Versmarkt Reduzum
sakeklub.rfi@gmail.com
Elke eerste vrijdag van de maand van 14 -17 uur
Oan it Swin 9
Volg ons op Facebook
Foardat de versmarkt Reduzum fanôf 5 maaie wer eltse freed op it pleintje by Ale en Marjan de Jager stean sil, geane wy earst ON TOUR!
Snein 5 maart fan 14 oant 17 oere binne wy by Aquavino Master Wybrensdyk 4, Eagum bij Hens Jansen en Monique van der Schuit. De markt is dêr binnen en bûten.
En wat is der te krijen op dizze Versmarkt?
Hens is der fansels met lekkere wyn foar eltse gelegenheid. Rosé, read of wyt, droech of swiet, Hens hat it allegearre.
Ale en Marjan pakke dizze kear it spul fan Iel en Mear yn en ferkeapje yn Eagum harren hearlike produkten.
Frederika docht sels dat wykein in bakkursus(wat foar lekkers komt der no wer by???) mar Rini komt del mei koeken, koeke en allerhande oare lekkernijen fan Frederika’s taarten ensa.
Shanika is ek wer fan de party mei har hearlike tapparfums, en fansels kinst ek in ôfspraak meitsje foar in massaasje by Massagepraktijk Shanika.
En dan binne wy bliid dat Lies ek wer komt, fan Blom&sa út Gau.
De kream fan Lies is altyd in kleurich en fleurich gehiel, troch de moaie blommen en planten dy’t sy meinimt.
Bowe de Groot sil der ek wêze mei syn flochten einekuorren en fûgelnêsten. 5 maart, steane wy oan it begjin fan de maaitiid: keapje foar de einen en fûgels dus in moai plak foar harren aaien op de Versmarkt!
Dan ha wy in nij gesicht: de fam Bergsma, de Reduster Ymkers komme del mei huning. En it leuke is dat sy ek graach fan alles fertelle oer de bijen en it ymker wêze. Mis dit net!
Ek sil Els op dizze markt wer fleis ferkeapje rjochtstreeks fan de buorkerij (Melkveebedrijf de Groot) komme hearlike lappen en lekker gehak en hamburgers.
En fansels kin der wat preaun wurde, stiet ek yn Eagum de kofje en de tee klear, en dit is ek noch forgees! Sjogge wy jim dêr?
Save the date:
Op Goed Freed, 7 april stiet de versmarkt yn Wytgaard. Yn Reduzum binne wy wer op 5 maaie, 2 juny, 7 july, 1 septimber en as it waar it talit op 6 oktober.