In ridende baar foar eltsenien
It Kolleezje fan tsjerkerintmasters fan de Hervormde gemeente Reduzum-Idaerd c.a. hat in ridende baar foar de doarpen beskikber stelt.
De Uitvaartvereniging De Laatste Eer hat in beskermjende hoes skonken en sil soarch drage foar it ûnderhâld en ferfier hinne en werom Eagum, Idaerd of Friens.

In pear regels foar gebrûk:
- De baar is allinne te brûken op de begraafplakken yn Reduzum, Eagum, Idaerd en Friens;
- Der binne by gebrûk gjin kosten oan ferbûn;
- Foar it ferfier hinne en werom Eagum, Idaerd of Friens bringe we € 40,- in rekken;
- By ferfier op oanhanger moat it stootkessen beslist brûkt wurde, oars giet de rok kapot.
- Foarop sitte twa langere buizen, die binne om de karre te stjoeren.
- Als de baar nei Eagum, Friens of Idaerd moat dan moatte dizze buizen der efkes ôfhelle wurde!
- Ek as er wer yn it baarhokje stiet oars kin de beskermjende hoes der net omhinne.
- Graach netsjes en skjin wer te plak!
Foar gebrûk kinne útfiertbegelieders kontakt opnimme mei:
Uitvaartvereniging De Laatste Eer: Hylkje Hettinga
tel. 06-55471194 / 0566-602239, D.S. Bangmastrjitte 37, Reduzum
- of b.g.g. yn fakânsjetiid: Geert Spijkstra. ( kontaktpersoan Ned. Herv. Gemeente)
tel. 0566-601819, D.S. Bangmastrjitte 79, Reduzum - Ferfier baar: Jan Posthumus (ek kaai)
Reduzum 06-48262801 of 0566-845741. Adres Haven 25, Reduzum - Marco Zijlstra (hat reserve kaai) 06-38972722, Haedstrjitte 48, Reduzum
- Anna Bijlsma en Sijmen Schoustra hawwe in eigen kaai krigen.

