In baltsje op fanôf it Keatsfjild

Kaatsvereniging Jan Reitsma
e-mail: kvjanreitsma@gmail.com
www.kaatsverenigingjanreitsma.nl
twitter @KvReduzum
Like ons op facebook

Juni
It keatsseizoen is no echt los. Dêr genietsje in protte minsken wykliks fan.
Moandeis en tiisdeis keatst in grutte groep jeugd op ús fjild en eltse woansdei te jûn is it gesellich en goed beset mei senioaren die dan traine en kompetysje keatse. Dat lêste giet noch in hiel oantal wiken troch, dus kom foaral ek ris del om in baltsje mei te slaan.
As jim dit lêze ha we krekt de KNKB-wedstriid foar skoaljeugd belibbe. Mar leafst sa’n 130 bern út hiel Fryslân by ús te keatsen. Prachtich.
Foar de jeugd wurde yn de omkriten de kommende wiken ek op ferskate plakken wer federaasjepartijen organiseare. De senioren kinne op it eigen fjild yn aksje.
Op freed 2 juli mei nachtkeatsen en op snein 11 juli ha we in ledenpartij mei Wytgaard.

Sjoch foar it lêste keatsnijs, keatsútslaggen en fotoos op http://www.kaatsverenigingjanreitsma.nl/


Maaie
Minsken, minsken. Wat wurdt der fûleindich keatst op woansdei te jûns troch ús seniorenleden.
Alde bekenden en nije gesichten fleurje dizze jûn op mei perken fol keats(t)ers.
Tige moai om te sjen en mei te meitsjen.
Wolst do dat ek?
Kom gewoan del en heakje oan. Bist (noch) net goed yn keatsen of der net sa mei bekend; hindert neat. Foar elts talint is romte.
Wedstriden foar senioaren sitte der oan te kommen. Noch hiel efkes geduld, mar dan kin dat ek grif wer. Hâld de ferskate kanalen dêrfoar yn ‘e gaten.

Gelokkich kin de jeugd al wol ledenpartijen keatse en dat bart dan ek folop. As jim dit lêze ha sy bygelyks it strjittekeatsen al efter de rêch. En de kaphûs kompetysje rint ek.
Benijd nei de útslagen en foto’s? Sykje ús Facebook-pagina ris op wurd ek in folger. Of sjoch ris op ús website www.kaatsverenigingjanreitsma.nl. Wilma van Marrum hat ús al tige holpen dizze side wat op te poetsen. Echt de moeite wurdich om dizze site ek sa no en dan op te sykjen hjer.

By ús eigen feriening keatse we dus al folop, mar ek de federaasje en de KNKB kin ynkoarten grif wer los. We krije wolris wat fragen deroer. Bygelyks oer de klean. Der jildt it folgjende foar:
Klean liene fan de ferieniging kin by Myja Zijlstra, Haedstrjitte 48, 0566-602434.
Sitst yn in partoer dan krigest in trainingspak en in KNKB shirt fan de feriening tsjin in boarch fan €60,00. Oan de ein fan it seizoen bringst dit skjin werom en by gjin mankeminten krigest de boarch werom. (werombringe foar 30 septimber 2021)
Foar alle oaren is der in KNKB shirt te lien, €25,00.
Dizze klean meist oan nei de wedstriden, net tidens trainingen ed.
Hast sneon én snein in wedstriid, sjoch dan dyn heit of mem efkes leaf oan © as se gau eefkes it shirt waskje kinne (it is samar droeg).
De sponsoren  rekkenje op moaie foto’s wêrop harren logo te sjen is en jim keatse fansels foar de feriening Jan Reitsma. Dêr meist grutsk op wêze.
Yn in wyt effen shirt mei ek altyd keatst wurde.
De KNKB rekkent der op dat der in swarte sportbroek droegen wurdt.
Ha jim der fragen oer of oare fragen: freegje oan bestjoersleden kin fansels altyd. Sy witte faak wol in antwurd of helpe jim fierder.

Oh ja, wit jim dat we rom € 900 ophelle ha mei de Poiesz Jeugd-sponsoractie?
TOP!. Tige tank oan jim as donateurs fan de muntsjes…!

Sjoch foar it lêste keatsnijs, keatsútslaggen en fotoos op http://www.kaatsverenigingjanreitsma.nl/