Húshâldlik reglemint


Húshâldlik reglemint wurkgroepen en kommisjes Doarpsbelang Reduzum.

Dan ha we it oer:

Kearngroep
Ferkearsgroep
Grienadvysgroep
Wolwêzengroep
Jongereingroep
Boarterstúnkommisje
Aktiviteitekommisje
Tusken Swin en Swette (kulturelekommisje)
Argyfgroep
Ynternetgroep
Ald-papierkommisje
Lûdskommisje
Kontaktpersoanen
Ad-hoc-kommisjes:Groep Swinlân.
Kommisje Urnemuorre
Oare kommisjes:  4- en 5-maaiekommisje
Slachtekommisje
Jeu-de-boule en koersbal

Yn dit húshâldlik reglemint binne de saken dy’t jilde foar in wurkgroep ek fan tapassing op in kommisje, oarsom is dit ek sa.

  1. Doel.
    a) In wurkgroep jout advizen en oanrekommandaasjes oan it bestjoer fan Doarpsbelang. De wurkgroep docht dat yn alle gefallen as dat bestjoer dêrom freget. Se kin it lykwols ek dwaan op eigen manneboet.
    b)In wurkgroep beheart en ûnderhâldt út namme fan de feriening fan Doarpsbelang Reduzum de saken, dy’t harren tabetroud binne.
  2.  Wurkgebiet.
    De wurkgroepen stean noed foar de neifolgjende saken:
Kearngroep planology,yn de kearnwurkgroep sitte leden fan oare wurkgroepen, benammen fan de ferkearsgroep en de griengroep.
Ferkearsgroep ferkears- en sosjale feiligens.
Griengroep
Wolwêzengroep
Jongereingroep
Aktiviteitekommisje 

Tusken Swin en Swette     -(kulturele kommisje)




– 

 

ûnderhâld en ynrjochting iepenbier grien.
hat as wurkterrein it wolwêzen yn romme sin.
rjochte op aktiviteiten foar de jongerein
organisaasje, koördinaasje en stimulearring fan aktiviteiten op sosjaal-kultureel mêd. De aktiviteiten beslaan in trijetal terreinen:

  1. bekind meitsje doarpsferienings en aktiviteiten by de bewenners, (bgl “uitmarkt”)
  2. organisaasje fan Sinterklaasyntocht/doarpsjûn, jûnfjouwerdaagse en de midsimmerfytstocht.
  3. tsjinnet as paraplu foar oare aktiviteiten (sjoch bgl. oare  kommisjes)it organisearjen fan kulturele eveneminten en it befoarderjen fan kulturele aktiviteiten yn de doarpen Reduzum, Friens en Idaerd
Argyfgroep

Ynternetgroep
Boarterstúnkommisje


beheart it doarpsargyf fan de trije doarpen en hâldt him dwaande mei de opbou en de organisaasje dêrfan.
berjochtjouwing oer it doarp fia it www yn de romste sin.
behear en ûnderhâld fan de boarterstunen.
Ald-papierkommisje organisaasje en koördinaasje ynsammeljen âld papier yn Friens, Idaerd en Reduzum.
Lûdskommisje
Kontaktpersoanen

organisatoarysk en finansjeel behear en ûnderhãld fan de doarps- lûdynstallaasjes. hite nije ynwenners wolkom en foarsjogge se fan ynformaasje oer it doarp en syn ferienings en ynstellings, soks troch in doarpsmap
Ad-hoc-kommisjes Groep Swinlân: ynrjochting nije wyk.

Groep urnemuorre: oprjochting urnemuorre yn Reduzum.

Oare kommisjes

 

4- en 5-maaiekommisje: organisearret ien kear yn ‘e 5 jier de deadebetinking op 4 maaie en de fiering fan de befrijing op 5 maaie.
Slachtekommisje: organisearret ien kear yn ‘e fjouwer jier it Redúster oanpart fan de Slachtemaraton.
Jeu-de-boule en Koersbal.Dizze kommisjes falle organisatoarysk en finansjeel ûnder de aktiviteitekommisje.

Fansels spilet ien en oar him inkeld ôf yn dat gebiet en op dy terreinen dêr’t de feriening fan boppeneamd Doarpsbelang it foech hat. Sa net, dan is dat oanjûn.

3.  It wurk.
De wurkgroepen kinne yn oerlis mei dejingen dy’t der by belutsen binne (bewenners, gemeente, provinsje e.o.) wurksumheden útfiere of útfiere litte. Betingst hjirby is, dat it bestjoer fan Doarpsbelang kend wurdt yn de plannen en dizze ek goedkart.

4. Besit.
Alle saken dy’t de wurkgroepen beheare, binne rjochtens besit fan de feriening fan Doarpsbelang Reduzum.
Konkreet binne dat:

  • de lûdynstallaasjes (bûten en op de seal)
  • de handikaptenlift (yn it kafee )
  • de replika fan de Blauwe Tinte
  • de piano (foar de helte)
    Ek de mooglike jildmiddels, dy’t de wurkgroepen beheare, hearre rjochtens ta it besit fan Doarpsbelang.

5.    Gearstalling.
a)        It tal leden fan in wurkgroep, wurdt troch de wurkgroep sels bepaald. Yn ‘e regel sil dat oantal fiif wêze.
b)        Yn elke wurkgroep hat yn alle gefallen ien lid fan it bestjoer fan Doarpsbelang sitting.
c)        In wurkgroep kin fan bûten minsken oanlûke foar advys of foar help by de útfiering fan de wurksumheden.
d)        Yn gefal fan in fakatuere wurdt der troch de wurkgroep of it bestjoer fan Doarpsbelang in oprop setten yn de doarpskrante of op de reduzum-site. As dat gjin fertuten docht, dan siket de wurkgroep of it bestjoer fan Doarpsbelang sels in kandidaat.
e)        In wurkgroeplid wurdt formeel beneamd op en troch de jiergearkomste fan Doarpsbelang.
f)          De leden fan in wurkgroep sitte foar trije jier en kinne dêrnei noch twa kear keazen wurde.

6.    Taken.
Elke wurkgroep wiist út syn midden in foarsitter, in skriuwer en sa nedich in ponghâlder oan. De beide lêste funksjes kinne kombinearre wurde. Yn de regel sil it bestjoerslid fan Doarpsbelang, dat yn de kommisje sit, gjin foarsitter wêze

7.     Ferslach.
Op de jiergearkomst bringt in wurkgroep ferslach út fan har wurksumheden fan it ôfrûne jier en docht se oankundiging fan de plannen fan it kommend jier.

8.    Jildmiddels.
a)        Wurkgroepen kinne kosten dy’t gearhingje mei de útfiering fan har wurksumheden deklarearje by it bestjoer fan Doarpsbelang. Dat kin inkeld as dêroer mei it bestjoer fan Doarpsbelang ôfspraken makke binne. Hjirby kin tocht wurde oan fergaderkosten, skriuwark, tillefoan- en reiskosten.
b)        Foarsafier in wurkgroep de ferantwurding hat foar in part finansjeel behear leit de ponghâlder fan de wurkgroep hjirfan ferantwurding ôf op de jiergearkomst fan Doarpsbelang. Neist de jierrekken wurdt der ek in begrutting oerlein.
c)        De boeken fan de wurkgroep wurde kontrolearre troch de kaskommisje fan Doarpsbelang.

9.    Opheffen.
It bestjoer fan Doarpsbelang kin in wurkgroep opdûke as dizze:
a)        gjin rjocht fan bestean mear hat.
b)        har wurk net goed docht of skea docht oan de doelstellings, sa’t dy formulearre binne foar de wurkgroep of foar Doarpsbelang.
Yn beide gefallen moat de jiergearkomste akkoard gean.
It bestjoer fan Doarpsbelang kin in lid fan in wurkgroep útslute as:
a)    hy of sy syn of har wurk net goed docht of noch slimmer skea docht oan it wurk fan de groep.
b)    hy of sy it fertrouwen ferlern hat fan de mearderheid fan de oare leden fan de groep.

10.   It foech.
Alle wurksumheden fan in wurkgroep falle ûnder de ferantwurding fan it bestjoer fan Doarpsbelang. Yn gefallen dêr’t dit reglemint net yn foarsjocht of as der sprake is fan tsjinstelde mieningen tusken de wurkgroep en it bestjoer fan Doarpsbelang, beslút de jiergearkomste fan Doarpsbelang of in spesjaal foar dit doel útskreaune gearkomste. Ien en oar neffens de regels fan de feriening fan Doarpsbelang.

11.   Taheakke:

I      De punten 5b en 5f   jilde net foar de lûdskommisje, de âld-papierkommisje, de argyfgroep en de oare kommisjes.
II     Foar de gearstalling fan de âld-papierkommisje en de aktiviteitekommisje jildt it folgjende.

a.    Ald-papierkommisje. De kommisje bestiet út 5 leden, te witten:

  • de ponghâlder fan Doarpsbelang Reduzum
  • de ponghâlder fan Doarpsbelang Idaerd/Eagum
  • de ponghâlder fan Doarpsbelang Friens
  • 2 oare leden, leafst ek ien fan de skoalle


b.    Aktiviteitekommisje.
De leden fan de aktiviteitekommisje fertsjinwurdigje:

  • Doarpsbelang
  • Sportstichting
  • Sosjaal-kulturele ferienings
  • Skoalle en Pjutteklas
  • Tsjerke
    III      Doarpsbelang Reduzum wiist trije minsken oan foar it bestjoer fan de Molestichting.
    IV      Doarpsbelang beneamt in bestjoerslid en in lid fan Doarpsbelang as bestjoersleden fan de Stichting De Wiete Haven. Soks neffens de regels neamd yn 5d en 5e.
    V       Elke groep kin sels neiere ôfspraken meitsje oer de ynterne organisaasje.

Fansels moatte dy stroke mei it hjir boppen stelde.